Man bekent grut tal ynbraken

© Omrop Fryslân
Yn Maastricht is woansdei in 32- jierrige man út Den Helder oanhâlden foar in grut tal ynbraken yn benammen fakânsjehuzen. De plysje yn Noard- Hollân hat sneon bekend makke dat de dief ek yn Fryslân aktyf west hat.
De man hat no goed tweintich ynbraken bekend, de measte dêrfan yn Noard-Hollân. Twa jier lyn hat er alris 140 ynbraken bekend yn fakânsjewenten oan de Noard-Hollânske kust.