'Rally-organisator is oplichter'

20 aug 2006 - 08:20

De organisator fan de autorally Amsterdam - Beijing is in oplichter, seit Fryske dielnimmer Wim Middendorp. Syn team einige as fyfde. Middendorp is sneon weromkaam yn Bakkefean. Hy wie ûnderweis mei in Mercedes út 1968.

De rally-organisator is fallyt ferklearre en hat neffens de kurator hast 1,4 miljoen euro yn eigen bûse stutsen. Dielnimmers moasten in pear wike foar de start noch 25.000 euro ekstra betelje om meiride te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)