LC wurdt mooglik ferkocht

19 mrt 2012 - 11:59

De Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden wurde mooglik as los krantebedriuw ferkocht troch útjouwerij NDC/VBK. Dat is nedich om nije oandielhâlders foar de útjouwerij te krijen. Neffens de ried fan bestjoer past it útjaan fan kranten net goed by it meitsjen fan romans of skoalboeken.

NDC/VBK is yn de skulden kaam troch de oankeap fan edukative útjouwerij Thieme Meulenhoff. Oandielhâlder ING hat destiids in diel fan de skuld omset yn oandielen, mar wol der no útstappe.

Neffens de ried fan bestjoer is it noch te gau om te sizzen oft der belangstelling is fan potensjele oandielhâlders en wa't dat dan binne. Der binne ferhalen dat De Telegraaf of Wegerer belangstelling hawwe soe foar de kranten. Grut-oandielhâlder Je Maintiendrai wol net reagearje op de belangstelling fan De Telegraaf of Wegener. De Ljouwerter Krante ûnthâldt him ek fan kommentaar. Ut rûnten by de krante docht wol bliken dat der soargen binne oer de oername. De kranten soene mooglik twongen wurde ta mear gearwurking.

It is belangryk dat de Ljouwerter Krante en it Dagblad fan it Noorden selsstandige kranten bliuwe en net opgean yn de regio-edysjes fan Wegener of De Telegraaf. Dat seit fakferiening NVJ yn reaksje op it nijs dat de beide kranten mooglik splitst wurde fan de grutte útjouwerij NDC/VBK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)