Los wint lêste IFKS-wedstriid

© Omrop Fryslân
De lêste wedstriid fan it IFKS- skûtsjesilen op de Iselmar by De_Lemmer is sneontemiddei wûn troch Delmer_Los mei de Grutte Pier. As twadde kaam Tony_Brundel mei de_Lytse_Lies oer de finish.
Freed wie al bekend dat Tony_Brundel kampioen wurden is by de IFKS 2006. Hy wie net mear yn te heljen. Delmer_Los is twadde wurden yn it einklassemint. Jacob_Huisman einige as tredde en Jeroen_de_Vos as fjirde.