Restauraasje praalgrêf kin los

19 aug 2006 - 16:25

De finansiering fan de restauraasje fan it monumintale praalgrêf yn de tsjerke fan Wikel is sa goed as rûn. De stifting dy't him dêrmei dwaande hâldt hopet noch dizze wike in tasizzing te krijen fan it lêste fûns.

Dêrmei soe de goed 250 tûzen euro foar it opknappen fan it grêf fan de ferneamde kriichshear en festingbouwer Menno van Coehoorn by elkoar wêze. Dat soe de ein betsjutte fan in syktocht nei jild dy't al yn 2003 begûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)