Famke oppakt foar fernieling

19 aug 2006 - 14:05
Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrich famke út Burgum is freed oppakt, omdat se in rút fernield hie. De plysje hie in melding krigen dat der ynbrutsen waard by in sportkompleks oan de Burgumerdaam yn Burgum.

Doe't se dêr kamen, troffen se in groepke jeugd en seagen se dat der in rút stikken wie. It famke bekende dat sy dat dien hie. Se moast mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)