Mishannelings yn Ljouwert

19 aug 2006 - 14:01

By in mishanneling yn Ljouwert is freedtejûn in 24-jierrige man út de stêd ferwûne rekke. De man hie spul krigen mei in oare Ljouwerter. Dy smiet op in bepaald momint in bierglês nei it slachtoffer. Dy rekke ferwûne oan de earm.

Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De fertochte is meinaam nei it buro. Letter is noch in 31-jierrige man út Ljouwert oppakt. Hy hie in plakgenoat yn it gesicht slein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)