Jager sjit tsien katten dea

19 aug 2006 - 11:12

In jager út Holwert hat yn in skuorre yn Blije tsien katten deasketten. Ien kat koe ûntsnappe. De jager hat de katten deasketten op it terrein fan in pikemester dy't ferhuze is en de katten net meinommen hat.

In buorfrou joech de katten te fretten. Se is bot oandien oer de aksje fan de jager en oerwaget om oanjefte te dwaan by de plysje. De jagersferiening wol de man syn akte ôfnimme en him in boete jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)