CDA wol Suderseespoar

© Omrop Fryslân
It CDA hâldt fêst oan de oanlis fan it Suderseespoar. Yn it nije ferkiezings- programma foar de Twadde Keamer- ferkiezings stiet dat de oanlis fan it spoar it útgongspunt bliuwt. Mocht dat net trochgean dan moat de 2,7 miljard euro dy't Den Haach foar it spoar reservearre hat alhiel nei it Noarden.
CDA Twadde-Keamerlid Joop Atsma giet der fanút dat dit ek ynset wêze sil by de ûnderhannelings foar in takomstich regearakkoart.