Wolkom foar nije Nederlanners

© Omrop Fryslân
Yn it riedshûs fan Achtkarspelen yn Bûtenpost wurde tongersdei 11 minsken ferwolkomme dy't de ôfrûne 12 moanne Nederlanner wurden binne. Tongersdei 24 augustus is de earste lanlike Naturalisaasjedei. Dan wurdt yn it hiele lân fierd dat in tal minsken it Nederlannerskip krigen hat.
De minsken yn Bûtenpost wurde wolkom hiten troch de loko-boargemaster en krije in naturalisaasjesertifikaat. De seremony is ferplichte foar gemeenten.