Man oppakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn in hûs op It Hearrenfean in 20-jierrige man út Ede oanhâlden. De man soe in jonge fan 17 mei in fjoerwapen bedrige ha. De man wie belutsen by rûzje op de Gedempte Molenwijk op It Fean en hie doe syn wapen op de jonge rjochte.
Nei in syktocht fan de plysje waard de man út Ede yn in hûs oan de Gedempte Molenwijk fûn. It fjoerwapen wie net te finen. De man is meinaam nei it buro en dêr opsletten.