Van der Duim wint fan Haase

© Omrop Fryslân
Antal van der Duim hat ferrassend de heale finale fan it Nederlânsk Kampioenskip tennis helle. Hy wûn yn de kwartfinale fan de as earste pleatste Robin Haase (6-7, 6-3, 6-4).
De oerwinning is opfallend omdat Haase dwaande wie mei in goeie searje wedstriden en sadwaande sels by de earste 250 fan de wrâld heart. Van der Duim stiet op dit stuit krekt by de bêste 600. Yn de heale finale nimt Van der Duim it op tsjin Paul Logtens.