Fergoeding foar frijwilligers

© Bewurking Omrop Fryslân
In part fan de minsken mei in bystânsútkearing moat in fergoeding krije foar frijwilligerswurk. Dat wol de fraksje fan de PvdA yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens de partij soarget de maatregel foar mear frijwilligers yn de soarch, sport en kultuer en wurdt earmoed en sosjale útsluting tsjingien.
De PvdA tinkt oan in fergoeding fan 4,50 euro yn 'e oere foar maksimaal fjouwer oeren yn de wike. De partij tsjinnet no tongersdei yn de gemeenteried in moasje yn oer de kwestje.