Oppakt foar brânstifting

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige man fan It Hearrenfean is tongersdeitenacht oanhâlden fanwege brânstifting. De plysje hie heard dat de man dwaande wie syn hûsried yn de brân te stekken. Oeral lei baarnend guod, doe't de plysje der kaam: foar it hûs, yn de portyk en yn de gong nei de berging.
De man wegere om de plysje deryn te litten en dêrom waard de doar forsearre. Omdat de man bot yn de war wie, is medyske help ynroppen.