Mooglik firussykte by skiep

18 aug 2006 - 10:44

Op in tal bedriuwen yn Súd-Nederlân is mooglik bluetongue ûntdutsen. Dat is firussykte dy't foaral foarkomt by skiep en oerbrocht wurdt troch miggen. Bisten dy't besmet binne ha hege koarts en kinne in blauwe tonge krije. De bedriuwen yn it suden binne blokkeard.

LTO-Noord hat noch gjin fragen krigen fan Fryske skieppehâlders oer de bluetongue.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)