Helpguod net geskikt foar Afrika

© Omrop Fryslân
Helpguod út it âlde Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert is yn Afrika net brûkber. Dat seit urolooch Groeneveld. Hy wie jierren lang ferantwurdlik foar it projekt 'Urology for all' yn in sikehûs yn Tanzania, mar hy soe him net genôch ynset ha om it helpguod op it goede plak te krijen. Sels seit er dat sikehuzen der dêr neat mei kinne.
Neffens frou Schaafstal fan it projekt hat der goed oerlis west en is sein dat alle jeften wolkom binne.