Welkom set hûzen te keap

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasje Welkom set in part fan syn hûzebesit te keap. Dat is nedich om te foldwaan oan de easken fan it Ryk foar nijbou.
It regear wol dat der in soad hûzen byboud wurde om it tekoart werom te bringen. Foaral de wenningkorporaasjes moatte dêrmei oan de slach. Welkom sil de kommende jierren sa'n 200 of 300 hûzen yn it jier bybouwe. Dat wurdt betelle út de ferkeap fan in pear hûndert hûzen.