Djoere boat stellen op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
By in rekreaasjehûs oan it Wiid op de Lemmer is woansdei in sylboat stellen fan sa'n 80.000 euro. It giet om in boat fan it merk Bavaria 350. Dat is in syljacht fan in meter as 12.
Neffens in wurdfierder fan de plysje komt it net faak foar dat sokke grutte boaten stellen wurde. Der hat tongersdei in buertûndersyk west yn it Wiid. Fan de dieders ûntbrekt lykwols elts spoar. De 60-jierrige eigner út it Dútse Velbert hat oanjefte dien.