Eneco-tour yn Fryslân

17 aug 2006 - 16:29

De Eneco-tour, foarhinne de Ronde fan Nederlân, die tongersdei Fryslân oan. De 218 hurdfytsers startten yn Wieringerwerf. Oer de Ofslútdyk, Boalsert, Snits, it Hearrenfean en Wolvegea giet it peleton fierder nei de finish yn Hoogeveen.

Nei 64,5 kilometer wie der in tuskensprint yn Boalsert. Rik Reinerink hie doe in foarsprong fan 2,20 minuten. Uteinlik wûn Tom Boonen de etappe yn de massasprint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)