Spoeddebat oer treintiden NS

© Omrop Fryslân
In fersoepeling fan de tsjinstregeling fan 'e NS is net mooglik. Dat sei steatssiktaris Schultz van Haegen tongersdei yn in spoeddebat.
De Twadde Keamer is nidich dat sy akkoart gien is mei de nije regeling. Dy betsjut langere reistiid fan en nei it Noarden. Yn de earste plannen gie it om op syn meast in kertier. Schultz hat dêr twa oant trije minuten ôfhelle, mar dêr is de Keamer net tefreden mei.