"Lokale gebieten mear promoate"

17 aug 2006 - 15:52

De besetting fan de Fryske kampings is dizze simmer net wat dy wêze moat. Dat seit kampinghâlder Landman fan Sondel.

Koartlyn kaam promoasje-organisaasje Fryslân Marketing noch mei hiele positive berjochten oer it toeristysk seizoen yn Fryslân. Mar neffens Landman soe de provinsje mear dwaan moatte oan de promoasje fan de lokale gebieten yn Fryslân. No giet de belangstelling foaral nei de eilannen en de wettersport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)