Frou yn Harns sjit 'foar de lol'

17 aug 2006 - 14:04

De plysje hat woansdeitejûn yn de Karveelstrjitte yn Harns in frou (41) oanhâlden. De frou hie yn de nacht fan snein op moandei efter har hûs mei in alarmpistoal oan it sjitten west. Dat soarge foar kommoasje yn de buert.

De frou hat bekend dat sy foar de lol sketten hat. It pistoal en de munysje binne yn beslach nommen. De frou hat in proses ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)