'Sport yn plak fan managers'

19 mrt 2012 - 11:26

De PvdA yn de takomstige fúzjegemeente De Friese Meren is tsjin de besunigingsfoarstellen fan de kolleezjes fan b. en w. De gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat wolle besparje op ynstellings foar sport en wolwêzen.

De PvdA fynt dat de gemeenten earst nei harsels sjen moatte. Der is jild te besparjen troch amtlike tsjinsten tûker gearwurkje te litten. De partij hat ek krityk op it ynhieren fan djoere ynterimmanagers.

Neffens de PvdA wolle de kolleezjes twa ton útlûke foar ynterimmanagers, wylst dêr oant no ta goed in miljoen oan útjûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)