Miskien mear simmerbussen

17 aug 2006 - 09:40

Der sil mooglik takom jier ek in Simmerbus ride yn noardwest-Fryslân. Dat seit inisjatyfnimmer Jan Hofstra. Dizze simmer rydt der troch fjouwer toeristyske gebieden yn Fryslân hast alle dagen in âlde Switserske postbus. De bus docht in tal toeristyske plakken oan, wêrûnder musea, pretparken en natoergebieten.

Der wurdt no ûndersocht oft der takom jier ek in Simmerbus in rûte troch noardwest-Fryslân ride kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)