Hennepkwekerij Drachten oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei op it bedriuweterrein De Haven yn Drachten in grutte hennepkwekerij oprôle. Yn in bedriuwsgebou oan de Gaffel binne 1500 oant 2000 himpplantsjes fûn. De planten en de apparatuer dy't nedich is foar de kwekerij binne yn beslachnaam. Der binne gjin fertochten oanhâlden.
It bedriuwsgebou waard sûnt oardel jier ferhierd oan in man út Grins. De hier waard kontant by in bank foldien.