Spuisluzen Harns wer iepenset

16 aug 2006 - 18:22
Foto: Omrop Fryslân

Foar it earst sûnt jierren binne de histoaryske sluzen by de Leeuwebrug yn de Noorderhaven fan Harns wer iepen set om te spuien. Dêrtroch kin it wetter fanút de singels nei de Waadsee streame. Dat moat de wetterkwaliteit ferbetterje. Doel is dat de sluzen in pear kear yn de moanne iepenset wurde. De gemeente wol de sluzen ek wer brûke foar de skipfeart.

It wetter út de singels stonk en wie swart fan de blauwe drek.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)