Fergese kultuerkaartsjes

16 aug 2006 - 17:23

Jongeren op it Lowlandsfestival yn Biddinghuizen kinne kommend wykein in fergees kaartsje krije foar it Frysk Museum of skouboarch De Harmonie.

It CJP en Lowlands diele trijehûnderttûzen vouchers út foar in fergese teaterfoarstelling of museumbesite. Dy kinne de kommende tiid by tolve teaters en alve musea ynlevere wurde. It doel is mear jongerein by kultuer te belûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)