De Vries wint IFKS-silerij Heech

© Omrop Fryslân
Walter de Vries mei it skûtsje de Goede Verwachting hat tiisdei it IFKS-skûtsjesilen yn Heech wûn. As twadde finishte Eelke Dykstra en as tredde Tony Brundel. Sikke Heerschop hie averij en koe de wedstriid net útsile. Hy moast earder nei de wâl ta.
Oan kop fan it klassemint stiet no, nei trije wedstriden, Delmer Los mei Grutte Pier. Tony Brundel is twadde en Walter de Vries tredde. Woansdei wurdt syld yn Sleat.