Bekeroerwinning Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De beloftes fan SC Hearrenfean hawwe moandeitejûn mei 2-1 wûn fan Jong Cambuur foar de beker. Yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong troch in goal fan Tarek Hashemi. Hy skeat raak nei in corner fan Arjen Postma.
It duorre oan't de 80e minút foardat Hearrenfean lykmakke troch in goal fan de Amerikaan Michael Bradley. In pear minúten letter makke Age Hains Boersma de 2-1. By beide goals kaam de assist fan Reza Ghoochannejhad.