Amerikaan nei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De Amerikaanske jeugdynternasjonal Robbie Rogers giet foar trije jier nei SC Hearrenfean. De 18-jierrige Rogers komt oer fan University Maryland. Hy spile dêr as links- en rjochtsbûten. Yn neifolging fan Michael Bradley is Rogers de twadde Amerikaan yn de seleksje fan SC Hearrenfean.
De oanfaller spilet ek by de Amerikaanske seleksje foar spilers oant tweintich jier.