ICT-bedriuw nominearre

15 aug 2006 - 13:54
Foto: Omrop Fryslân

It Snitser ITC-bedriuw Snakeware is nominearre foar de ferkiezing fan de 50 hurdstgroeiende technologybedriuwen yn Nederlân. Dat is op grûn fan de omsetgroei oer de ôfrûne fiif jier foar de Deloitte Technology Fast 50. It Snitser bedriuw is it iennige Fryske op dy list. Snakeware hat festigings yn Snits en Amsterdam en docht yn websides. Op 28 septimber wurdt de list fan de fyftich bêsten offisjeel bekendmakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)