Atsma op achtste plak

15 aug 2006 - 12:52

Joop Atsma fan Surhústerfean stiet op it achtste plak fan de kandidatelist fan it CDA foar de kommende twadde keamerferkiezings. De partij makke de list moandeitejûn let bekend nei in lange diskusje.

Meiïnoar wiene der goed 230 kandidaten foar de lanlike list. De list wurdt oanfierd troch premier Balkenende. Op de plakken 2 oant en mei 7 steane allinnich ministers en steatssiktarissen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)