Leijenaar op dreef by WK damjen

15 aug 2006 - 12:13

Dammer Klaas-Hendrik Leijenaar fan Ljouwert bliuwt it goed dwaan op it WK foar junioaren yn it Drintse Hijken. Yn de fjirde ronde wûn hy fan de Let Nauris Brantevics. Dêrtroch stiet Leijenaar no op in dielt twadde plak, mei fjouwer oare dammers.

Foar de oerwinning op Brantevics stie Leijenaar noch fjirde yn it klassemint. Maikel Palmans út Grins giet allinnich oan de lieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)