Supermerk foar Eastersee

© Omrop Fryslân
Nei tsien jier krijt Eastersee wer in supermerk. Talant en wenningstichting Lyamer sille tegearre de winkel opsette. Yn de supermerk sille kliïnten fan Talant oan it wurk. It doarp is sa lyts dat in gewoane super net út kin.
Lyamer bout apparteminten op it plak fan it âld molkfabryk. Under de apparteminten is plak foar in winkel. Yn it neijier set de bou útein. Yn de simmer fan 2007 moat alles klear wêze.