Groei foar Frivius

© Omrop Fryslân
It Fryske enerzjybedriuw Frivius is dit jier twa kear sa grut wurden. Ferline jier hie it bedriuw fiiftûzen oanslutings, dat binne der no hast tsientûzen. It bedriuw yn Dokkum is yn 2004 begûn, as ûnderdiel fan Eneco.
It doel wie doe om merklieder te wurden yn de provinsje. Dat is dus noch net gau helle, want it is net ienfâldich om de minsken oer te heljen om nei in oare enerzjyleveransier oer te stappen.