Snorfleaners ek yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Ek yn Fryslân is de nijste foarm fan fleansport sinjaleard. It giet om snorfleanen, oftewol in persoan mei in motor oan in parasjute. Trije manlju út de omkriten fan Lollum beoefenje dit snorfleanen yntusken.
Yn Nederlân binne sa'n santich snorfleaners. It is legaal, mar dochs is de regeljouwing net krekt dúdlik. Guon gemeenten dogge dwers oer opstigen en landen. De snorfleaners helje somtiden snelheden fan 70 km.