Hut twad by skeelerjen De Jouwer

14 aug 2006 - 18:29

De skeelerwedstriid op De Jouwer waard in oerwinning foar Arjan Mombarg út Vorden. Hy wie yn de sprint rapper as Willem Hut fan Haulerwyk. Nei de start ûntsnapten de twa út it peloton en waarden net wer ynhelle.

By de froulju wûn Angelina Thomas út Austraalje. Sy wûn de sprint fan Elma de Vries fan De Haule.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)