"Yllegale wentebou yn Harns"

14 aug 2006 - 17:28

Der wurde yllegaal wenningen boud yn it Havenkwartier yn Harns. Dat sizze de Harnser keunstner Jan Roos en syn frou Martha. Rjocht foar har hûs oer oan de Nutsstrjitte wurde nije huzen boud. Roos is benaud dêrtroch syn útsjoch kwyt te reitsjen.

Neffens Roos mei der hielendal net boud wurde om't der noch prosedueres rinne. De gemeente Harns seit dat boubedriuw Heijmans yn prinsipe gewoan bouwe mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)