Jochum Bouma kening yn Menaam

© Omrop Fryslân
Jochum Bouma wûn sneintejûn It feintsje fan Menaam, de keningspriis fan de frije formaasje keatspartij. Mei syn maten Herman Sprik en Cornelis Terpstra wûn Bouma yn 'e finale frij maklik fan Rutmer van der Meer en de bruorren Jacob en Chris Wassenaar: 5-4 en 6-4.
De lytse preemje gie nei Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk. Der wurdt yn Menaam tradisjoneel keatst om Gouden Willems.