Skûtsjesilen ferpleatst

14 aug 2006 - 16:08

De wedstryd fan it IFKS-skûtsjesilen moandei by Starum wurdt ferpleatst, fanwege de hurde wyn. Der stiet in wynkrêft sân en by flagen acht op de Iselmar, en dat is te hurd foar de skûtsjes.

De Grutte A-klasse sylt no moandeitemiddei syn wedstryd op de Fluessen. De oare klassen helje har wedstriden moarn of oare moarn yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)