Fragen oer hout yn bou

14 aug 2006 - 15:01

De SP en Pal/GroenLinks yn de Ljouwerter gemeenteried protestearje tsjin it hout dat brûkt wurdt by de bou fan de nije wyk Blitsaerd. By de oanlis fan de wâlbeskoeiing dêr wurdt hout brûkt dat net it FSC-karmerk hat.

Dat karmerk betsjut dat it hout net yllegaal kapt is yn de Tredde Wrâld en dat is better foar it miljeu en it klimaat. Yn de ried is ôfpraat dat de gemeente Ljouwert it brûken fan sok hout stimulearje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)