Fytstocht Boalsert - Ghana

© Omrop Fryslân
Tweintich fytsers begjinne takom wike yn Boalsert oan in meunstertocht nei Afrika. De bedoeling is om tsientûzen kilometer te fytsen nei de stêd Accra yn Ghana. Mei de fytstocht wurdt jild ynsammele foar better ûnderwiis yn Ghana en oare West-Afrikaanse lannen.
Der is oant no ta al 125.000 euro byinoar helle. Henk Kroes is ien fan de dielnimmers. Hy sil foar Omrop Fryslân in deiboek byhâlde op radio en ynternet.