Sportskuon stellen yn Berltsum

14 aug 2006 - 10:42
Foto: Omrop Fryslân

Ut in opslachrûmte oan de Sportleane yn Berltsum binne tusken freedtejûn en sneontemiddei 250 pear sportskuon fan ferskate topmerken stellen. It dupearre bedriuw hannelet yn fuotbalartikels.

De dieder of dieders binne troch it rút binnenkommen. In 49-jierrige ynwenner fan Berltsum hat oanjefte dien. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)