Strangere regels foar paspoarten

14 aug 2006 - 10:42

Fryske gemeenten sille strang omgean mei it útjaan fan nije paspoarten en identiteitskaarten. Fan 26 augustus ôf krije de Nederlânske reisdokuminten in chip en jilde der strange regels foar de pasfoto.

Dy moatte rjocht fan foaren makke wurde en minsken moatte de mûle ticht ha. Laitsje mei dus net mear. Ferskate Fryske gemeentes al ha wite litten dat se in paspoart wegerje as net oan alle easken foldien wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)