Snorfytser ferwûne yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 57-jierrige snorfytser fan Drachten is sneontemoarn ferwûne rekke by in oanriding mei in persoane-auto mei oanhinger. De snorfytser woe in fytser ynhelje, mar seach de oanhinger fan de auto net.
Dy hie de snorfytser krekt ynhelle. In botsing wie it gefolch. De snorfytser rekke ferwûne oan de holle, mar it foel allegear ta. Nei ûndersyk fan ambulânsepersoniel op it plak fan it ûngemak, koe de man wer fierder.