Slaanderij op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In ynwenner (17 jier) fan It Hearrenfean hat sneintemoarn in ynwenner (19 jier) fan Aldehaske slein. Dat barde op It Hearrenfean. It slachtoffer rekke net ferwûne.
In 32-jierrige ynwenner fan Aldehaske wol. Hy woe de twa jonges út inoar helje, mar kaam mei de holle tsjin de muorre. Nei in behanneling fan ambulânsepersoniel wie de man wer yn oarder. De oanlieding foar de slaanderij is noch net bekend.