Twa deade seehûnen

13 aug 2006 - 15:39

Fan in sânbank oan de eastkant fan Skiermûntseach binne freed twa deade seehûnen helle. Meiwurkers fan in bergingsbedriuw op It Amelân ha de bisten yn Lauwerseach ôflevere.

Personiel fan de seehûnekresj yn Pieterburen ha de bisten dêrnei meinaam. Sy sille de seehûnen ûndersykje om de deadsoarsaak fêst te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)