Ynbraak yn Damwâld

13 aug 2006 - 14:05

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak dy't tusken freedtejûn en sneontemoarn plakfûn hat yn it gebou fan it autohimmelbedriuw oan de Moarrewei yn Damwâld.

Der binne twa himmelmasines en in koffer mei byhearrende artikels fuortnaam. Dêrnjonken is it ynterieur fan it bedriuw mei ferve bekladdere. In 35-jierrige ynwenner fan Houtigehage hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)