Grûn Langwar bouryp

13 aug 2006 - 12:18
Foto: Omrop Fryslân

De grûn fan de earste faze fan it útwreidingsplan Langwar is bouryp. Der wurde 19 kavels útjûn. Der wurde frijsteande en heal frijsteande wenten boud, mar ek wenningen yn de sosjale hiersektor.

De gemeente ferlottet de kavels foar de alve frijsteande en heal frijsteande wenningen yn de frije sektor. As alle kavels ferkocht binne, wurdt der begûn mei de bou fan de wenten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)