Biomassasintrale by kueroard

© Omrop Fryslân
It nije Aziatyske kueroard dat by de sauna yn Froubuorren komme moat, krijt in nije foarm fan enerzjyfoarsjenning. Direkteur Kruijne wol in biomassasintrale bouwe. It is de bedoeling dat sauna en kueroard folslein draaie op de elektrisiteit en waarmte fan dy sintrale.
Omdat Kruijne noch net in geskikt plak fûn hat foar de sintrale, rint de bou fan it kueroard wol fertraging op. Begjin takom jier set de bou út ein.